Steaten wer gear oer krisis

Provinsjale Steaten ha woansdei wer praten oer de kwestje fan de tydlike húsfesting fan amtners. Tiisdei stapten trije deputearren op, nei oanlieding fan krityk fan de Steaten. By de tydlike húsfesting binne flaters makke, dy't in soad jild koste ha.
Woansdei praten de steaten oer in tal moasjes dy't yntsjinne binne. Fraach wie bygelyks oft topamtner Wibier sitten bliuwe kin no't syn politike bazen har ûntslach naam ha.