Dieven nimme tsien banken mei

© Omrop Fryslân
Dieven ha mei de Pinksterdagen út in skuorre oan it Noard yn Drachten foar in pear tûzen euro oan banken stellen. Se hiene in doar fernield om yn de opslachplak komme te kinnen.
De dieven binne mei tsien bankstellen útnaaid. De eksakte dei fan de stellerij is net dúdlik, mar it moat west ha tusken sneontemiddei en tiisdeitemiddei.