Ein foar brânwacht Hylpen?

30 maaie 2007 - 10:27

De frijwillige brânwachtpost yn Hylpen moat meikoarten mooglik stopje. Der binne net genôch frijwilligers om oan de hjoeddeiske easken te foldwaan. Sa soene by in brân net altyd genôch minsken beskikber wêze om te blussen.

Om't de kâns lyts is dat der noch in soad nije minsken bykomme, wol de gemeente Nijefurd dat de taken fan Hylpen oernaam wurde troch it korps fan Warkum. Op 12 juny moat de gemeenteried in beslút nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)