Supermerk kostet Grou klanten

© Omrop Fryslân
In nije sântûzen kante meter grutte supersupermerk by de Ljouwerter wyk Zuidlanden kostet de supermerken yn Grou klanten. Se reitsje der sân prosint fan harren klandizie oan kwyt, sa docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de gemeente Ljouwert.
Undernimmers yn Ljouwert binne lykwols benaud foar de gefolgen fan sa 'n hypermarché, dêr't sawol iten as oare saken ferkocht wurde. Mar benammen ûndernimmers yn Grou ha der lest fan.