4 Friezen yn Earste Keamer

Ad van der Kolk: mei foarkarstimmen de senaat yn
Fjouwer Friezen krije in plakje yn de nije Earste Keamer. Dat binne steatelid Ad van der Kolk fan de SP, PvdA-er Mies Westerveld fan Wâldsein, Hindrik ten Hoeve fan Stiens foar de Onafhankelijke Senaatsfractie en âld-kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans fan Beetstersweach foar de VVD.
Geart Benedictus fan it CDA hat it nei alle gedachten net helle. Tongersdei folget noch de offisjele útslach.