Skarsterlân: gjin belang sleat

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân nimt it behear en ûnderhâld oan de Hearesleat tusken de grins mei Hearrenfean en de Pompsleat net oer. No is de Hearesleat noch fan de provinsje, mar dy wol it stik farwei wol kwyt. Dat omdat de gemeente Hearrenfean syn diel fan de Hearesleat wol oernimt.
Skarsterlân hat lykwols gjin belang by de Hearesleat. It levert fierder neffens de gemeente ek gjin foardiel op as dy it behear oernimt.