FNP: ûndersykje jildpine B'him

© Omrop Fryslân
De FNP-fraksje fan Boarnsterhim wol dat de rekkenkeamerkommisje de minne finansjele situaasje fan de gemeente ûndersiket. Boarnsterhim hie yn 2006 in tekoart fan 2,7 miljoen euro, ûnder oare trochdat guon projekten folle minder jild opbrochten as begrutte.
De FNP wol net dat de boarger opdraait foar de finansjele problemen troch bygelyks it ferheegjen fan gemeentlike belestings.