'Ljouwert millennium-gemeente'

29 maaie 2007 - 09:37

PAL/GrienLinks wol dat Ljouwert de earste millennium-gemeente fan Fryslân wurdt. Dat yn it ramt fan in kampanje fan de feriening fan Nederlânske gemeenten foar de millennium-doelen. It giet hjirby benammen om ambysjes op it mêd fan duorsumens.

Om hannen en fuotten te jaan oan de millennium-doelen moat CO2-útstjit kompensearre wurde. PAL/Grienlinks wol de Ljouwerters ek duorsum produsearre húskepapier brûke litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)