Bisten goed behannele op merk

de bisten binne goed behannele neffens de Stichting Dier en Recht
Op 'e Skoattermerk yn Aldskoat binne de bisten dit jier goed behannele. Dat seit de Stifting Dier en Recht. Se ha de hannelers yn 'e gaten hâlden. De stifting hie heard dat bisten op de jiermerk net goed behannele wurde soenen.
De feehannelers op 'e Skoattermerk begripe net wêr't de ferhalen oer bistemishanneling weikomme. De Stichting is earder ophâlden mei kontrolearjen.