AZ troeft SC Hearrenfean ôf

28 maaie 2007 - 13:47

Lang like it derop dat Ari da Silva Ferreira (21) nei Hearrenfean gean soe, mar de Braziliaan fan it Sweedske Kalmar FF hat in fjouwer-jierrich kontrakt tekene by AZ út Alkmaar.

Da Silva Ferreira waard ferline jier topskoarder yn Sweden mei 15 doelpunten. Dit jier is hy minder suksesfol, nei acht wedstriden stiet de teller noch op nul. SC Hearrenfean hie Ari da Silva op it each as eventuele opfolger fan Alves.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)