Frysk sukses op NK atletyk

28 maaie 2007 - 13:10

By it Nederlânske studintekampioenskip atletyk yn Eindhoven hat Margriet van Kammen út Rottefalle sneon in dûbel pakt. By it heechspringen sprong se 1.72 meter. Op de 100 meter horden rûn se in nij persoanlik rekord fan 15.17.

Vincent Jansma fan De Pein wûn ferassend it goud op de 100 meter. Stefanie Bouma fan Drachten wûn de titel op de 5 kilometer en Linda Swart fan Snits wie de rapste op de 400 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)