Frou slein yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
By in famyljerûzje yn Surhústerfean is frou (25) út Haulerwyk swier mishannele. Se kaam del om te bemiddeljen om't der spul wie yn de famylje. Troch twa fan de oanwêzige manlju waard se treaun en slein.
Doe't se it hûs oan de Havenstrjitte útflechte, achterfolgen de mannen har. Se smieten har tsjin in auto. De frou hat ferwûnings oan de earmen, rêch en knibbel. De plysje docht ûndersyk.