Trijetûzen fytsers bliuwe thús

Der binne op Pinkstermoandei goed trijetûzen fytsers mei startkaart net oan de start ferskynd fan de fytsalvestêdetocht. Dat betsjut dat der dit jier minder as 12.000 dielnimmers binne, wylst de organisaasje wol 15.000 kaarten ferkocht hat. Neffens de organisaasje komt dit troch de minne waarsferwachting.
Fierder binne folchauto's dit jier net tastien op de rûte fan de tocht.