Twa nije spilers foar Aris

27 maaie 2007 - 16:26

Aris Ljouwert hat foar it kommende seizoen twa nije spilers oanlutsen. As earste hat Rein van der Kamp in kontrakt tekene. Van der Kamp (27) komt fan Landstede Zwolle. It is in 2.02 meter lange forward. Hy hat 18 kear spile foar in Nederlânsk team.

De twadde oanwinst is de 1.90 meter lange guard Sjoerd Langevoort. Hy komt ek fan Swolle en jildt as ien fan de grutste talinten fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)