Knappe rentree Berber vd Berg

Berber van den Berg is op de wei werom (foto Martin de Jong)
Turnster Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat op it ynternasjonale turntoernoai yn it Switserske Lugano in knappe rentree makke. Se waard achtste.
De 19-jierrige Van den Berg liet de kwalifikaasjewedstriden foar it EK noch oan har foarby gean. It achtste plak yn Lugano betsjut foar har lykwols in prima comeback nei in perioade fol lichaamlike en mentale problemen.