Ferwûnen by ferkearsûngemakken

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út De Pein is sneontejûn swier ferwûne rekke doe't er mei syn brommer foel op de Jan Binnesleane yn Surhústerfean. De jonge is oerbrocht nei it universitair sikehûs yn Grins.
In Dútse frou is sneontejûn ferwûne rekke doe't se op It Amelân oanriden waard. De frou stuts mei har fyts in dyk oer op it momint dat der in bus oankaam. Se is mei de rêdingsboat nei de fêste wâl brocht en opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert.