Hornstra wint Marumer Omloop
Hurdrinster Maaike Hornstra út Jellum is sneontejûn winner wurden fan de Marumer Omloop. Dat is in wedstryd oer 10 kilometer. Hornstra rûn de ôfstân yn 38 minuten en 22 sekonden.
Op it twadde plak eindige Hanneke Schipper út Grins. Rianne Bouwmeester, ek út Grins, waard tredde.
By de manlju gie de winst nei Arjen Kuper fan Grins.