Nij: de biologyske kadobon

© Omrop Fryslân
Der komt in kadobon foar de promoasje fan biologyske produkten. Gruthannel De Zaaister en AOC Friesland hawwe it ynisjatyf naam foar de Bio Boppe-bon. De bon kostet 10 euro, mar der kin foar 20 euro mei kocht wurde. De bon is te brûken by natoerwinkels, biologyske buorkerijwinkels en inkele supermerken.
Tongersdei krijt deputearre Andriesen de earste bon fan biologysk boer Jochum út Boer zoekt Vrouw.