Berry Nagelhout de rapste

26 maaie 2007 - 21:28

Berry Nagelhout fan Doornspijk hat sneontejûn it drok besette kritearium fan Twizelerheide wûn. Yn de einsprint wie hy rapper as Bas Waaijer fan Zwolle en Marcel Beima fan Hurdegaryp.

Dit trio wie yn de finale by in alve man sterke kopgroep weiriden. Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard fjirde, Lieuwe Westra fan Mûnein fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)