Oerlêstferoarsaker hûs útsette

© Omrop Fryslân
Minsken dy't oerlêst feroarsaakje om har hûs hinne, kinne makliker twongen wurde te ferhúzjen as tocht wurdt. Dat sei advokaat Kamsma fan it Ljouwerter advokatekantoar RotshuizenGeense freed op in kongres oer achterstânswiken.
Boargemaster Dales fan Ljouwert is foarstanner fan dizze oanpak. Oaren soenen him dêryn folgje kinne. It moat om in bedriigjende sitewaasjes gean en der moat in dossier mei in soad klachten wêze.