Earst gjin subsydzje Jorwert

25 maaie 2007 - 18:04
Jorwert krijt gjin jild

It iepenloftspul fan Jorwert krijt foarearst gjin 125.000 euro subsydzje fan de provinsje. It nije kolleezje fan Deputearre Steaten draait in foarnommen beslút hjiroer werom.

It jaan fan it jild past net yn it kommende beleid. De nije deputearre fan kultuer, De Vries, wie jierrenlang foarsitter fan it Jorwerter iepenloftspul. Yn it ramt fan de yntegriteit is it beslút naam letter nochris nei de oanfraach te sjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)