Skoallekluster yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip Simon Vestdijk en de stichting fan iepenbiere skoallen yn Frjentsjerteradiel wolle yn Frjentsjer ien kluster fan skoallen opsette. Dêr moat ûnder oaren de VMBO-ôfdieling Simon Vestdijk en de basisskoallen Kleijenburg en De Opslach yn ûnderbrocht wurde.
De betsjoeren tinke oan in nij gebou achter sporthal De Trije. Ek moat yn it gebou romte komme foar ynstellings as jeugdsoarch en maatskiplik wurk.