Nij fytsrûtenetwurk iepen

Deputearre Mulder iepent it fytsrûtenetwurk (foto: Lenus vd Broek)
Oan de ein fan dit jier moatte oeral yn Fryslân saneamde fytsrûtenetwurken lizze. Freed is yn Appelskea it fytsrûtenetwurk fan Súdeast-Fryslân offisjeel iepene.
It netwurk bestiet út 780 kilometer fytspaad mei dêryn 155 knooppunten. By de punten steane buordsjes mei ynformaasje oer it gebiet en hoe't der fierder fytst wurde kin. Doel is sa mear fytstoeristen nei de streek te heljen.