Frjentsjer'diel skoart goed

25 maaie 2007 - 11:58

Frjentsjerteradiel fiert de wetlike taken op it mêd fan miljeu, romtlike oardening en bouwen oer it algemien goed út. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it ministearje fan VROM.

Benammen oangeande klantfreonlikens en de flotte ôfhanneling fan prosedueres docht Frjentsjerteradiel it goed. It omgean mei sloopfergunnings kin better. Foaral as it giet om asbest. De gemeente hat yntusken al in oantal ferbetterings yn gong set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)