Fuotbalskoalle foar famkes

25 maaie 2007 - 11:20

Fuotbalklup VIOD út Driezum wol in fuotbalskoalle foar famkes begjinne. Dêrmei soene se de earste fuotbalskoalle foar famkes yn Fryslân wêze. VIOD wol besykje it frouljusfuotbal yn de regio om Driezum hinne nei in heger nivo te krijen.

It giet dêrby om famkes junioaren. Fierder besiket VIOD in gearwurking oan te gean mei it CIOS en it frouljusteam fan sportklup Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)