Mear rydbewizen ynfoardere

25 maaie 2007 - 10:47

Plysje Fryslân hat dit jier al mear as 400 rydbewizen yn beslach naam foar riden ûnder ynfloed of te hurd riden. Dêrfan komme 145 foar rekken fan it team Fryske Diken.

It tal ynfoardere rydbewizen leit heger as foarich jier om dizze tiid. Doe wiene it 349. Dat komt om't der no mear kontrolearre wurdt. De Ofslútdyk en de wurksumheden oan de dyk by Harns soargen dit foarjier foar de measte snelheidsoertredings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)