Hennepkwekerij yn Jobbegea
Yn in wente oan de Ericaloane yn Jobbegea is tongersdei in hennepkwekerij oantroffen mei goed hûndert planten. De kwekerij op de boppeferdjipping en de solder kaam oan it ljocht nei in tip.
De apparatuer en de planten binne yn beslach naam en ferneatige. De stroom waard yllegaal ôftape. In 30-jierrige bewenner is oanholden en ynsletten.