Supers meie bûten stedswâlen

25 maaie 2007 - 09:49
Foto: Omrop Fryslân

Yn Frjentsjer meie op koarte termyn supermerken bûten de stedswâlen komme. Dat waard tongersdei dúdlik yn de riedskommisje. Der is gjin romte mear foar de winkels yn it sintrum. Inkele supermerken binne dêrom al útwykt nei oare plakken lykas Harns.

Om dat tsjin te gean wurde de festigingsmooglikheden ferromme. Lokaasjes as it súdlike diel fan Blomketerp, de VW-garaazje oan de Ljouwerterwei en it Wilhelminaplein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)