Grutte ferkearskontrôle A32

© Omrop Fryslân
By in grutte kontrôle op de A32 tusken Ljouwert en it Hearrenfean tongersdei tusken twa oere middeis en acht oere jûns waarden sa'n 800 auto's kontrolearre.
Dat smiet 74 bekeurings op. Dy waarden foaral útdield foar it net dragen fan in gordel en it net yn oarder hawwen fan de ferljochting en de papieren. By de kontrôle waarden 12 motorplysjes en 50 plysjes yn auto's ynsetten.