Reboelje oer top-amtners

© Omrop Fryslân
De takomst fan in oantal provinsjale topamtners is ûnwis wurden nei it ferskinen fan in ferneatigend rapport oer de ferhúzing fan de provinsje. Yn it rapport stiet dat topambtners deputearren net ynljochte ha oer wichtige beslúten. Opposyjepartijen sette fraachtekens by de yntergriteit fan de amtners.
Neffens ferantwurdlik deputearre Baas falt it allegear wol ta. It hat de provinsje gjin ekstra jild koste.