Faber tredde op Regatta
Sylster Marije Faber fan Snits stiet tredde yn it Ynglingklassemint fan de Holland Regatta yn Medemblik. Brechtje van der Werf en Marije Kampen binne sânde. Petronella de Jong is tsiende.
Pieter-Jan Postma fan Terkaple is sechsde yn de Finn-klasse. Roelof, Marit en Anneke Bouwmeester fan Warten komme yn de Laser-klasse net yn de top foar.