Nij gemaal by Skûlenboarch

© Omrop Fryslân
In nij gemaal by de sânwinput Skûlenboarch moat in 1200 bunder grut gebied fan foldwaande en ek skjinner wetter foarsjen. Dat hat it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân besletten.
It Algemien Bestjoer moat dat beslút noch goedkeure. De besteande mealkapisiteit yn gebied kin wolris ûnfoldwaande wêze by tige droege simmers, tinkt it deistich bestjoer. It nije gemaal kostet 4 euroton.