Minder winst foar Vitens

24 maaie 2007 - 18:04

Wetterliedingbedriuw Vitens hat yn 2006 goed 24 miljoen euro winst makke. Dat is 16 miljoen euro minder as it jier derfoar. It mindere resultaat is it gefolch fan de fúzje mei Hydron Midden Nederlân. Neffens Vitens kin troch de fúzje in soad jild besparre wurde. Dat sil trochberekkene wurde oan de klanten.

De kommende jierren wol Vitens miljoenen stekke yn it ferbetterjen fan ynstallaasjes lykas dy by Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)