Komposytbrêge by Blauforlaet

24 maaie 2007 - 15:10

De PvdA yn Achtkarspelen freget opnij omtinken foar in ekstra fytsbrêge by Blauforlaet. Dy soe it dêr foaral foar skoalbern feiliger meitsje.

In fytsbrêge is oant no ta ôfkard, omdat er te swier wurde soe. Mar yn Dronten stiet in lichtgewicht brêge fan it materiaal komposyt. De gemeente moat de provinsje freegje oft it mooglik is ek sa'n brêge te bouwen by Blauforlaet. Dat sil de PvdA yn it frage-oerke oan de oarder stelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)