'Turfrûte earder skjinmeitsje'

24 maaie 2007 - 12:34

De provinsje moat tenei earder de wetterplanten yn de Turfrûte oprêde. Dat fynt de stifting De Nije Kompanjons, dy't de route foar in part beheart. Ferline wike gie de rûte wer iepen, mar de wetterplanten makken it de boaten dreech om der del te farren.

De provinsje is fannewike begûn mei it fuortheljen fan de wetterplanten, mar neffens de stifting is dat te let. Dy is benaud dat de Turfrûte hjirtroch in minne reputaasje krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)