Man oppakt foar wytkweken

24 maaie 2007 - 09:55
Foto: Omrop Fryslân

Yn De Fochtel is woansdei in 60-jierrige man oanhâlden op fertinking fan it kweken fan wyt. De man komt út Den Haach. Hy soe wat te krijen hawwe mei de wytkwekerij yn Bakkefean.

De plysje naam dêr tiisdei yn in wente oan de Ferlingde Skiedingswei 1500 wyt-planten yn beslach. De Hagenaar is oerbrocht nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)