Brok en skoalbern op besite

24 maaie 2007 - 09:53

Boargemaster Brok fan Snits sil tiisdei mei VMBO-learlingen op besite by Douma Staal yn Snits. De besite is ûntstien út in oerlis tusken de gemeente, de ûndernimmersferiening fan Snits en it ûnderwiis. Alle trije de partijen wolle dat skoallen en bedriuwslibben tichter byinoar bringe.

De skoalbern binne VMBO'ers út de tredde klasse fan skoallemienskip Magister Alvinus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)