Gaslieding sit hûzen dwers

23 maaie 2007 - 22:07
Foto: Omrop Fryslân

Yn Winsum moat in gaslieding ferlein wurde om de nijbou by de Froonackerdyk en de Ficarusleane mooglik te meitsjen. De lieding leit dwers oer it plak dêr't de nije hûzen komme moatte.

De druk yn de lieding is sa heech dat it gefaarlik is as dy te ticht by de hûzen leit. Essent Netwerk hat dêr bepaalde regels foar. De gemeente hat noch besjoen oft it mooglik is om de hûzen oars del te setten, mar dat kin net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)