Boerekwartet op 'e nij te keap
It Frysk Boerekwartetspul is tiisdei op 'e nij útbrocht. Yn 1938 is it spultsje foar it earst publisearre. Ien fan de betinkers fan doe, Ate Wiersma, krige de nijste útjefte útrikt yn Allingawier.
It kwartet stiet fol mei begrippen út it âlde boerelibben dy 't driigje te ferdwinen. Sa is út it kwartet te learen dat boeren yn de ûngetiid net allinne meane, mar ek swylje, tymje en weidloeie moasten.