Friesland Bank helpt Spyker

De namme fan dizze auto is no fan de Friesland Bank
De Friesland Bank hat ferline jier de merknamme Spyker ferpânne krigen. Dat befestiget in wurdfierdster fan de sportautofabrikant út Zeewolde. Spyker Cars hat op dit stuit jildpine.
Spyker docht sûnt ein ferline jier mei in eigen team mei oan Formule I races. It naam dêrfoar it besteande team fan Midland oer. De Friesland Bank sels wol gjin kommintaar jaan.