Aventoeren Tomke ek yn Biltsk

© Omrop Fryslân
De aventoeren fan Tomke ferskine mei koarten ek yn it Biltsk. It al besteande boekje 'Tomke en Romke op reis' is oerset troch de stifting Ons Bildt en wurdt nije wike woansdei presintearre.
Tomke is in projekt fan de Afûk om pjutten oan it lêzen te krijen. Earder kamen der ek al oersettings út yn it Stellingwerfs en it Papiaments. De nije Biltske boekjes wurde weijûn op pjutteboartersplakken.