Frysk bestjoer mei 60% froulju

23 maaie 2007 - 01:04

It nije provinsjebestjoer fan Fryslân hat de measte froulju fan alle nije kolleezjes fan Deputearre Steaten yn Nederlân. It Ynstitút foar Publyk en Polityk hat besifere dat Fryslân goed skoart mei 60 persint froulju.

Trije fan de fiif deputearren yn Fryslân binne aanst frou: Anita Andriesen en Jannewietske de Vries fan de PvdA en Tineke Schokker fan it CDA. Seelân stiet mei nul persint froulju ûnderoan de list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)