Ruten ticht yn Appelskea

De flammen sloegen al gau út it dak (Foto Martijn de Vries)
Ynwenners fan Appelskea moatte yn ferbân mei de grutte brân yn it doarp, alle ruten en doarren tichthâlde. Dat advys jouwe plysje en gemeente. Asbest is der net fûn, mar der wurde wol mjittingen dien nei gefaarlike stoffen.
By de brân yn de Poiesz-supermerk komt in soad reek frij. In pear wenten binne út foarsoarch ûntromme. De brânwacht bestridet de brân mei 50 man.