Dochs tinkstien op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat wurket dochs mei oan in tinkstien foar de arbeiders dy 't omkommen binne by de oanlis fan de Ofslútdyk. Dat hat Rykswettersteat tasein.
Skriuwer Bas Sleeuwenhoek fynt dat sa'n tinkstien der komme moat. Hy hat foar syn boek Het Schrale Eind -oer de oanlis fan de dyk - besifere dat de oanlis acht minsken it libben koste hat. Dit jier is it 75 jier lien dat de lèste stien te plak lein waard.