Wurkûnderbrekking busjauffeurs

© Omrop Fryslân
Bussjauffeurs fan ferfiersbedriuw Connexxion hâlde in wurkûnderbrekking op 'e Jouwer. It giet om sawat fjirtich minsken. Der is krityk op 'e roasters. Fierders binne de papieren fan de bussen faak net yn oarder.
De fakbûnen hawwe tiisdei oerlis hân mei de direksje fan Connexxion. Dy hat in ferklearring útjûn, mar dêr nimme de sjauffeurs gjin genoegen mei. Se wolle boppedat trochbetelle wurde foar de oeren fan de wurkûnderbrekking.