Belgyske plysje op Fryske fyts

22 maaie 2007 - 13:10

De Belgyske plysje yn it plakje Dilbeek riidt fan woansdei ôf op elektryske fytsen út it Hearrefean. It giet mar om in beheind tal fytsen en it is in proef.

De fytsen binne útfierd yn de kleuren fan de Belgyske plysje. Se hawwe boppedat in ûnsichtbere elektryske motor. Soks kin grutte foardielen hawwe. It giet om fytsen fan it merk Koga Miyata.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)