Bewaking finzenen op ferlof

Schaaf wol detinearden op ferlof begeliede
Befeiligingsbedriuw Schaaf sil detinearden bewake as se op begraffenis of kremaasje gean. Dy taak lei oant no ta by de oerheid. Mar it kaam wol gauris foar dat der te min begelieders wiene. Sadwaande koene geregeld detinearden net nei in kremaasje of begraffenis ta.
It probleem bestiet al in jier of sân. Befeiligingsbedriuwen waarden earder net ynskeakele omdat it imago net sa bêst wie. Dat is no ferbettte.