Korps: bewiis fan goed gedrach

22 maaie 2007 - 12:37

Nije frijwilligers by it Pasveerkorps yn Ljouwert moatte tenei in ferklearring fan goed gedrach hawwe. Dy kin inkeld krigen wurde as ien net mei justysje yn oanrekking west hat. It korps wol net dat der ferkearde minsken mei jeugdleden op paad gean.

De maatregel is in reaksje op insidenten by bygelyks de berneopfang en sportferienings. Oant no ta hawwe der by it Pasveerkorps gjin problemen west mei âlderen en jeugdleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)