Thorbeckepenning foar Brok

Brok: net langer Frysk VVD-foarsitter...
Boargemaster Arno Brok fan Snits hat moandei de Thorbeckepenning krigen, de heechste ûnderskieding fan de VVD. Brok krige de penning omdat hy 15 jier yn it provinsjale VVD-bestjoer sitten hat, wêrfan njoggen jier as foarsitter. Moandei droech er de foarsittershammer oer oan Ger Jaarsma.
Neist de Thorbeckepenning krige Brok ek de Gouden Spjelde fan de provinsjale VVD.