Henk de Jong nei H'se Boys?

Henk de Jong
Henk de Jong is yn byld as de nije trainer fan Harkemase Boys. Moandeitejûn waard bekend dat De Jong fuortendaliks opstapt by SC Grins, dêr't hy assistent-trainer wie. Dêrfoar wie hy trainer fan haadklasser Snits. De Jong stapt op omdat hy ien en oar net mear kombinearje kin mei syn privee-libben.
Neffens Harkemase Boys-foarsitter Spinder stiet De Jong yndied op harren kandidatelist. Tiisdei wurdt der praat.